Himmelwike yn Lippenhuzen

14 apr 2014 - 14:47
  • De start fan de himmelwike yn Lippenhuzen

De learlingen fan basisskoalle De Flecht yn Lippenhuzen hiene moandeitemoarn gjin taal of rekkenjen. Yn stee dêrfan gienen se mei ôffalprikkers en jiskepûden op 'en paad foar de jierlikse Himmelwike. De skoalbern hellen op de earste dei pûden fol rommel fan strjitte. Ek yn Lippenhuzen falt noch genôch te sammeljen as it om swalkôffal giet.

Ek op it skoalplein wurdt noch genôch rotsoai makke. Juf Geertsje organisearret dêrom aktiviteiten om de learlingen bewust te meitsjen fan it miljeu.

Mei-inoar dogge yn Opsterlân sa'n 1500 bern oan de himmelwike mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)