H'fean: soargen oer âld papier

Der binne grutte soargen by de basisskoallen op It Hearrenfean oer de feroarings by it ynsammeljen fan âld papier. Op dit stuit helje frijwilligers fan skoallen, yn gearwurking mei Omrin, it âld papier jûns op. Dit wurdt mooglik yn de takomst oerdei dien, wat betsjut dat de frijwilligers dit net mear dwaan kinne.
Der skoallen sitte hjiroer yn noed, omdat se de ynkomsten fan it âld papier eins net misse kinne. Mear as 20 basisskoallen hawwe in petysje ûndertekene foar behâld fan de besteande âld-papieraksje en ynkomsten.
Yn de gemeente Hearrenfean rint no al pilotprojekt 'Suver ynsammelje'. Dit is in projekt wêrby't it âld papier op 'nije' mominten ophelle wurdt en wêrby't minsken oproppen wurde om it ôffal better te skieden. Snitjer hopet dat nei oanlieding fan de petysje de gemeente mei de skoallen yn petear gean wol.
Mar neffens de gemeente hoege de skoallen har gjin soargen te meitsjen. Der binne noch gjin konkrete plannen om de opheltiden oan te passen.