Jorritsma mei net ûntslaan

14 apr 2014 - 11:55

Boubedriuw Jorritsma Bouw yn Boalsert mei tritich minsken net dien jaan. Dat hat it UWV besletten, sa befestiget Johannes Osinga fan fakbûn CNV Hout en Bouw. Jorritsma hie oanjûn dat sy net genôch wurk foar de minsken hat, mar neffens it UWV besteget it boubedriuw tefolle wurk út oan oaren. Dat is wurk dat ek troch eigen minsken dien wurde kin.

It gie yn dit gefal benammen om timmerlju. Fakbûnsbestjoerder Osinga is bliid foar syn leden en ferwachtet net dat de direksje no besiket om lâns in oare wei de minsken dochs noch te ûntslaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)