Cambuur-ADO al útferkocht

14 apr 2014 - 11:44
  • Cambuur-Twente

De lêste thúswedstriid fan Cambuur is moandeitemoarn binnen twa oeren útferkocht rekke. Op twitter neamt de klup dat 'ongekend'. Cambuur spilet syn lêste thúswedstriid fan dit seizoen op 3 maaie tsjin ADO Den Haag. Dit wykein soarge de 4-3 oerwinning op Vitesse dêrfoar dat Cambuur ek takommend jier yn de earedivyzje spilet. Dat soarge foar grutte bliidskip by de supporters en by de klup sels.

Oer twa wike spilet Cambuur út tsjin Feyenoord. De 150 kaarten dy't dêrfoar beskikber binne, binne ek hast útferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)