Wâldpiken Frysker op WhatsApp

14 apr 2014 - 11:03

Jongerein yn de Fryske Wâlden brûkt faker Frysk op social media as jongerein yn de rest fan Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Fryske Akademy. Op 20 Fryske skoallen yn it fuortset ûnderwiis en it middelber beropsûnderwiis is ûndersyk dien nei it taalgebrûk op social media fan jongeren tusken de 14 en 18 jier.

Goed 2.000 jongeren hawwe fragen dêroer beantwurde. Hast alle Fryske jongeren brûke social media. 98 % is hjir aktyf op. De helte fan de Frysktalige jongeren brûkt Frysk yn sms'kes en WhatsApp, yn mails is dat mar 15 %.

Yn de grutte stêden brûke de jongeren hast gjin Frysk. Yn de lytsere plakken en yn Noardeast-Fryslân is it Frysk op social media folle gewoaner. Ien fyfde fan de Frysktalige jongerein brûkt noait Frysk op social media, foaral omdat se dat te dreech fine.

It Frysk op de socialmedia wurdt faak fonetysk skreaun. De measte jongeren witte dat, mar fine dat net sa slim: 'De minsken begripe wol wat ik bedoel.' Guon fine it tefolle wurk om alle dakjes en streekjes te typen, oaren witte net sa goed wannear’t se dy brûke moatte. Ek is de ynfloed fan it Nederlânsk goed werom te sjen yn de skriuwtaal fan de jongeren, lykas it brûken fan dialekt en typyske sosjale media-ôfkoartingen. Ek it mei opsetsin trochinoar brûken fan ferskate talen komt in protte foar.

Trefwurden: 
Frysk social media sms WhatsApp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)