Stellen buske noch net werom

Sint Brouwer is op syk nei dizze bestelbus
Ynstallateur Sint Brouwer fan ynstallaasjebedriuw THSB fan It Hearrenfean hat noch hieltiid gjin brûkbere tips krigen oer syn stellen buske. De bus wurdt sûnt ôfrune wike moandei fermist. Yn it buske lei foar 20.000 euro oan ark. It is noch hieltyd behelpen foar Brouwer, omda't er sûnder buske mei ark net goed wurkje kin.
Brouwer docht nochris in oprop oan de minsken goed om harren hinne te sjen. Hy looft in beleanning fan 1.000 euro út oan de persoan dy't ynformaasje hat oer syn stellen buske mei ark.
Brouwer die ferline wike op de sosjale media ek al in oprop om nei syn buske út te sjen. Oant no ta sûnder fertuten. Hy krige wol in soad reaksjes fan minsken dy't mei him meilibje.