Finale Kunstbende Fryslân

De finalisten fan de Kunstbende Fryslân
Yn skouboarch De Lawei yn Drachten wie snein de finale fan de Kunstbende Fryslân. Der diene goed 180 jongeren yn 80 ferskate acts oan mei. Dat barde yn sân kategoryen, wêrûnder dûns, muzyk, taal en moade. It tema wie Wordt Vervolgd. Sannemaj Betten (18) fan Sint Jabik waard earste yn de kategory taal. Jos Dijkshoorn (17) fan Midslân op Skylge helle de earste priis mei syn moade-kolleksje.
By it dûnsjen wûnen Laura Westerhof (15) en Anouk Reitsma (16), beide út Dokkum. Alle winners dogge op 3 maaie mei oan de lanlike finale.