Saak De Vries nei Hege Ried

14 apr 2014 - 08:59

De man dy't troch it Gerjochtshôf feroardiele is foar de moard op Murkje de Vries fan Koatstertille fjochtet dy straf oan by de Hege Ried. Dat meldt it programma De Kennis van Nu fan de NTR. De man krige yn heger berop 24 jier sel foar dy moard yn 2008 en foar twa pogingen ta moard. Neffens de advokaat fan de man wie hy op dat stuit ûnder ynfloed fan antidepressiva. It Gerjochtshôf gie dêr net yn mei.

Neffens de advokaat is der sprake fan in maatskiplik probleem en is it wichtich om de saak foar te lizzen oan de Hege Ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)