Wettersport groeit wer

Nei fiif drege jierren liket de wettersport dit jier foar it earst wer in groei troch te meitsjen. De earste boekingssifers litte in folle positiver byld sjen. Dat meldt it netwurk fan wettersportbedriuwen Varen in Friesland. De groei sit benammen yn de ferhier fan boaten, mar ek sylskoallen hawwe it drokker as yn foargeande jierren.
It moaie waar soarget der boppedat foar dat it seizoen in pear wiken earder begong is. It ôfrûne wykein waard op in soad plakken in offisjele start makke.