Jeffrey Woortman wint yn Vries

13 apr 2014 - 17:45

Gersbaanracer Jeffrey Woortman fan Warten is snein winner wurden fan de earste wedstriid om it Iepen NK gersbaan yn Vries. Woortman wûn de A-finale foar Jannick de Jong fan De Gordyk, dy't twadde waard en Dirk Fabriek út Jobbegea dy't as tredde oer de einstreek kaam.

Nije wike op peaskemoandei komme de gersbaanracers yn aksje yn Balkbrug by de heale finale foar pleatsing foar it EK yn Frankryk. Dirk Fabriek, Jannick de Jong en Mark Stiekema komme dêr oan de start.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)