Woudenberg yn De Emigrant

De foarstelling De Emigrant sil yn in Nederlânsktalige ferzje opfierd wurde en lanlik op toernee. Akteur Helmert Woudenberg spilet de haadrol yn de Nederlânske Emigrant. Yn de Fryske ferzje spile Freark Smink de haadrol.
Akteur Theo Smedes sil, lykas yn de Fryske ferzje, de oare rollen spylje. Ien en oar is sneontejûn, nei de lêste Frysktalige foarstelling yn de Harmonie yn Ljouwert, bekend makke.