Brommer naait út foar plysje

© ANP XTRA
De plysje hat sneontenacht yn Easterwâlde de hannen fol hân oan in bromfytser. De 17-jierrige jonge út It Hearrefean ried nei in stopteken gau in park yn en naaide út. Eefkes letter besocht de plysje-auto njonken de brommer te kommen. De brommer rekke dêrby de auto.
De bromfytser koe úteinlik klemriden wurde. Hy hie gjin rydbewiis en identiteitsbewiis. De brommer wie ek net fersekere. De jonge is oanhâlden foar gefaarlik riden.