Ienfâldige oerwinning Snits Wyt Swart

13 apr 2014 - 16:26

Snits Wyt Swart Boso hat snein mei 3-1 wûn fan Alverna. Yn it Gelderske Wijchen kamen de Snitsers betiid op foarsprong troch in treffer fan Harm-Jan Stuiver. Freerk de Jong miste each yn each mei de keeper fuort dêrnei de kâns op de 2-0.

Nei rêst wie Age Hains Boersma ticht by de twadde Snitser treffer, mar syn skot waard keard troch de latte. Mei noch 20 minuten te gean ferdûbele Mark Homme van der Veen de Snitser foarsprong. Ynfaller Tjeerd Andringa tekene foar de 3-0. Yn de slotfaze mocht Alverna de earetreffer meitsje.

De ploech fan trainer Johan Groote komt troch de winst op 39 punten út 23 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)