Soer ferlies foar De Jouwer

Trainer Wieb Rodenhuis © awfoto.nl
De fuotballers fan De Jouwer hawwe snein mei 1-0 ferlern fan koprinner Hercules. Degradant De Jouwer wist op eigen fjild de earste helte knap de nul te hâlden. De Jousters kamen sels ek net ta skoaren, wêrtroch't beide ploegen mei in 0-0 stân de klaaihokken opsochten.
Yn de twadde helte hâlde de ploech fan trainer Wieb Rodenhuis knap stân tsjin de nûmer ien. Pas yn in ûnrêstige slotfaze wisten de gasten út Utrecht yn de fyfde minút fan de ekstra tiid de winnende treffer op it boerd te setten.
De ploech fan trainer Wieb Rodenhuis bliuwt troch it ferlies stean op 9 punten út 23 wedstriden. De Jousters wienen ferline wike al wis fan degradaasje.