De Hoeve wint Fryske derby

13 apr 2014 - 16:06

De Fryske kuorbalderby tusken De Hoeve en Mid Fryslân is snein in proai wurden foar de ploech fan trainer Sake Koelma. Op it eigen sportfjild wûn De Hoeve mei 19-15. Yn de earste helte naam Mid Fryslân betiid de lieding en rûn út nei 4-8. De Hoeve focht him lykwols knap werom oan 7-8. Foar rêst draaide de thúsploech de stân om en socht mei in 10-9 foarsprong de klaaihokken op.

Yn de twadde helte rûn De Hoeve fierder út nei 12-9. De ploech fan Sake Koelma wist de foarsprong fêst te hâlden en pakte in knappe thúsoerwinning.

De kuorballers fan SCO ferlearen yn Aldeholtpea mei 16-12 fan Wageningen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)