FVC ferliest fan De Bataven

13 apr 2014 - 15:57

FVC slagge der snein net yn punten te pakken tsjin De Bataven. Yn Gendt ferlearen de Ljouwerters mei 3-1. De Gelderske thúsploech wie de earste helte de boppelizzende partij en sette dy oermacht yn de 25e minút om yn de 1-0.

Nei rêst wiene de grutste kânsen op 'e nij foar De Bataven, mar yn plak fan de 2-0, wie it Ruurd Algra dy't yn de 60e minút foar de Ljouwerter lykmakker soarge. Yn in spannende slotfaze makke De Bataven krekt foar de ein de 2-1 en wie it ferset by FVC brutsen. Yn de lêste minút kaam de einstân op it boerd.

De ploech fan trainer Bert Hollander bliuwt troch it ferlies stean op 26 punten út 23 wedstriden en stiet noch altyd yn de gefaresône.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)