Snorfytser falt tsjin fyts oan

In fytser fan 69 jier fan 'e Jouwer is snein ferwûne rekke op It Hearrenfean. It ûngelok barde doe't er ynhelle waard troch in snorfytser. Dy waard op syn beurt ynhelle troch in auto, bestjoerd troch in 26-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean. De autospegel rekke de snorfyts, dy't tsjin de fytser oan botste.
De Jouster foel mei de fyts. Hy rûn in ferwûning oan de holle op. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.