Soad belangstelling autoshow

13 apr 2014 - 13:26

Mei sa'n 2200 dielnimmers kamen der dit jier twa kear safolle auto's ôf op de VAG-meeting yn Drachten. Dat is in moeting fan eigeners fan VW, Audi, Seat en Skoda. It evenemint waard snein foar de fjirde kear hâlden op it yndustryterrein Azeven yn Drachten. Dêr fergapje leafhawwers har oan de VW-Golfs, kevers, dikke Audi's en oare oppimpte auto's.

Der wiene prizen te winnen foar ûnder oare de moaiste tsjillen, motor, ynterieur en eksterieur. Mar de autofans komme foaral byinoar om kennis en ûnderfinings út te wikseljen.

Trefwurden: 
Audi auto's VAG-meeting VW moeting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)