Kamminga tredde op 200 meter

13 apr 2014 - 13:14
  • Manon Kamminga

Manon Kamminga, wenjend op It Hearrenfean, is sneon by de Europ Cup skeelerjen yn Bologna tredde wurden op de 200 meter. Op de earste dei fan it ynternasjonale toernoai gong de winst nei de Dútse Laethisia Schimek. Dan Guo út Sina einige as twadde. Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule einige as 30e.

Earder op de dei waard de puntekoers riden. Dêr pakte de Sinese Guo oerstjûgjend de winst. Kamminga waard 15e, De Vries 19e. Snein ride de froulju noch de 500 meter en de ôffalkoers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)