Twadde WK-titel foar Norbruis

13 apr 2014 - 13:04

Paralympysk hurdfytser Alyda Norbruis út Oerterp hat sneon op de WK Paracycling yn Meksiko de wrâldtitel wûn op de 3 kilometer efterfolging. Yn de finale wûn se fan de Sinese Sini Zeng. Mei har tiid fan 4.07.45 ferbettere Norbruis boppedat it wrâldrekôr.

It is al wer har twadde titel, want tongersdei pakte de Oerterpse it goud op de 500 meter, doe ek al yn in nij wrâldrekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)