Soad Friezen nei Ryksmuseum

It Ryksmuseum yn Amsterdam hat it ôfrûne jier benammen in soad Friezen en Brabanners lutsen. Dat seit direkteur Wim Pijbes. It museum is snein in jier iepen, nei in grutte ferbouwing.
Oant no ta hawwe der 2,7 miljoen besikers west. Neist ferneamde minsken, lykas prinses Beatrix en de Amerikaanske presidint Obama, is neffens de direkteur foaral it tal Fryske besikers opfallend heech. Hy is der wiis mei, omdat dat neffens him bewiist dat it nije Ryksmuseum echt in museum fan hiel Nederlân is.