Ferhalewedstriid âld Ljouwert

13 apr 2014 - 11:31

De Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd hâldt in ferhalewedstriid oer monuminten yn de binnenstêd. Benammen jongerein wurdt útnoege dêroan mei te dwaan.

Troch gevelstiennen, nammen fan huzen en muorrereklames te ûntdekken, wurde de jongeren oanmoedige in histoarysk ferhaal te skriuwen of sels in ferhaal te betinken. Dat kin yn it Nederlânsk, Frysk of Liwwadders. Op tiisdei 15 april set de ferhalewedstriid út ein. De slutingsdatum is op 1 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)