Cambuur troch yn earedivyzje

Cambuur bliuwt yn de earedivyzje. Yn in spektakulêre wedstriid tsjin Vitesse wisten de Ljouwerters thús mei 4-3 te winnen. Cambuur hat no genôch punten om neikompetysje te ûntrinnen.
Cambuur begûn fuortendaliks fûl te spyljen. Mar it is Vitesse dat foar it earst skoart. Mar dat doelpunt wurdt ôfkard, omdat it bûtenspul is. Koart dêrnei binne de Ljouwerters tichtby de 1-0 as Manu de peal rekket. In minút letter tikket Kelvin Leerdam de 1-0 binnen foar Vitesse.
Mar binnen fiif minuten makket Martijn Barto de lykmakker út in frije traap fan Jody Lukoki. En krekt letter soarget de foarset fan dyselde Lukoki foar de 2-1 as de bal yn eigen doel kopt wurdt troch de Arnhemmers. Krekt foar rêst falt dan toch de 2-2 troch in doelpunt fan Christian Atsu.
Nei rêst witte de Arnhemmers al rillegau de foarsprong te pakken, 3-2. Mar de Ljouwerters jouwe net op en binnen tsien minuten stiet de 3-3 op it boerd nei in doelpunt fan Bartholomey Ogbeche. Cambuur jaget dêrnei op de 4-3 en dat slagget al binnen in pear minuten as Martijn Barto foar de twadde kear skoart.
Cambuur wit de foarsprong te behâlden en is ek takom seizoen wis fan de earedivyzje. Yn teory kin RKC Waalwijk noch lânsside komme, mar dan moat dy ploech de lêste trije wedstriden allegear winne en minimaal trettjin doelpunten meitsje.