Lintsje foar KNRM-frijwilliger

12 apr 2014 - 17:36

KNRM-frijwilliger Jaap Boonstra út Hylpen is sneontemiddei keninklik ûnderskieden. Boonstra hat 28 jier aktyf west by de KNRM as ûnder oare opstapper, skipper en regeler fan de ynset fan de SAR-helikopter. Omwille fan syn âldens - Boonstra is 55 jier - moat er mei it wurk ophâlde.

Boargemaster Hayo Apotheker hat it lintsje útrikt by in sabeare rêdingsaksje. Boonstra mei him no lid in de Oarder fan Oranje Nassau neame.

Trefwurden: 
KNRM lintsje Jan Boonstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)