Soer ferlies Drachtster Boys

Drachtster Boys joech sneon op eigen fjild trije punten fuort troch it 2-1 ferlies fan WHC. Op sportpark Drachtster Bosk begongen de Drachtsters fol fjoer. Sicco Bouwer sette de Drachtsters yn de 21e minút fertsjinne op foarsprong. Nettsjinsteande de oermacht fan de thúsploech bleau it 1-0 oant it skoft.
Nei rêst wiene de rollen omkeard en draaiden de gasten út Wezep de 1-0 efterstân yn rap tempo om yn in 2-1 foarsprong. Dy tebeksetter kamen de Drachtsters net mear boppe-op, wêrtroch't 2-1 de einstân waard.
De ploech fan trainer Fred de Boer bliuwt troch it ferlies stean op 28 punten út 23 wedstriden en hat noch altyd punten nedich foar hânhaving yn de haadklasse.