Trekkerdei yn Wytmarsum

Antike trekkers yn Wytmarsum © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Yn Wytmarsum en omkriten rieden sneon mear as santich âlde trekkers om. Mei-inoar 75 antike eksimplaren 'swingelen de motors wer oan' om op 'en paad te gean.
Alde trekkers wurde faak bewarre om emosjonele redenen. Pake of heit hat der safolle wurk op út 'e wei set. Inisjatyfnimmer Ferdinand Kats fan de trekkerdei hat sels ek fiif eksimplaren. Hy wol minsken stimulearje de âlde trekkers wer ris fan stâl te heljen. Kats die in oprop. Hy rekkene op tritich dielnimmers, mar dat waarden goed santich. Moandei yn Hea! in reportaazje.