ONS wint fan nûmer lêst

ONS Boso Snits hat sneon mei 3-0 wûn fan de nûmer lêst Ter Leede en bliuwt dêrtroch yn de topklasse takom seizoen. Yn Sassenheim wienen de beste kânsen yn de earste helte foar ONS. Ter Leede wie ek ticht by in treffer, mar de latte brocht rêding foar de Snitsers.
Danny Kampstra soarge fuort nei rêst foar de 1-0 foarsprong. Martijn Roosenburg ferdûbele de foarsprong en tekene efkes letter ek foar de einstân. Sandor van der Heide spile in haadrol mei syn foarsetten, dy't ynlieding wiene foar de trije treffers.
De ploech fan trainer Bert Hollander komt troch de winst op 41 punten út 27 wedstriden. Ter Leede is troch it ferlies definityf degradearre út de topklasse.