Rolstoelpaad troch bosk iepene

Yn de bosk by Beetstersweach is sneontemoarn in rolstoelpaad iepene. De kanten fan it paad binne ferstevige, sadat de rolstuollen net de berm ynride. Der meie ek gjin plassen wetter lizzen bliuwe kinne op it beton.
Yn it foar wiene der protesten dat it paad te smel wêze soe foar twa rolstuollen dy't by-elkoar del moatte. Dêrom binne der saneamde passearstroken oanlein. As it hiele paad breder wêze soe, dan hiene beammen kapt wurde moatten en wie it gefaar dat fytsers te hurd ride soene. De oanlis hat 160.000 euro koste.