Treinen meie net hurder ride

12 apr 2014 - 14:56

De KristenUny yn Fryslân is teloarsteld dat it ryk gjin jild stekt yn in rappe treinferbining tusken Ljouwert en de Rânestêd. It kabinet makke freed bekend op it spoar yn it Westen en rjochting Vlissingen, Arnhem en Almelo it ERTMS-systeem yn te setten. Allinnich treinen mei dat systeem, dat ûnder oare de gong mjit, meie rapper ride as no tastien is.

Yn novimber hie Fryslân noch ôfspraken mei it ryk makke oer it nije systeem. De KristenUny sil no fragen stelle oan deputearre steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)