Drugskontrôle Holwerter daam

12 apr 2014 - 10:57

Seis minsken binne freed by de boat nei It Amelân trappearre mei drugs. In plysjespeurhûn fûn de drugs. Fiif fan de seis trappearre minsken wiene mearderjierrich. Se binne wer frijlitten neidat se it spul ôfjûn hiene. De sechsde persoan wie minderjierrich. Hy is oppakt.

Mei-inoar hat de plysje freed op de Holwerter pier fiif kear in drugskontrôle útfierd by de boat nei It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)