L'diel wer feilichste gemeente

12 apr 2014 - 07:59
  • Gemeente Littenseradiel

De gemeente Littenseradiel is op 'e nij útroppen dat de feilichste gemeente fan Nederlân. Dat stiet sneon yn de jierlikse Misdaadmeter fan it Algemeen Dagblad. De krante hat it tal oanjeftes en meldings opteld. Littenseradiel is al in pear jier op rige de feilichste gemeente fan Nederlân.

Yn de top tsien fan feilichste gemeenten fan Nederlân stean noch twa oare Fryske gemeenten: Kollumerlân en Opsterlân. Opfallend is dat Ljouwert yn de top tsien stiet fan ûnfeilichste gemeenten yn de AD Misdaadmeter.

Wat fierder opfalt is dat de misdie ferskoot fan 'e stêd nei it plattelân. Yn Fryslân stekt Wolvegea yn Weststellingwerf derboppe út. Dêr waard ferline jier 65 kear yn in wenning ynbrutsen en 43 kear is guod stellen út garaazjes en hokken. Gefaarlikste gemeente fan Nederlân is neffens it Algemeen Dagblad de stêd Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)