Jild Poiesz nei sportklups

11 apr 2014 - 21:29

Fuotbalferiening ACV út Assen is de winner wurden fan de njoggende Jeugd Sponsor Actie fan Poiesz supermarkten BV. De klup krige in bedrach fan 1834 euro. De twadde priis gie nei de kombinearde sportferiening Oeversweltsjes fan Koudum en de tredde priis wie foar fuotbalferiening Akkrum. Yn totaal is der 491.000 euro ferdield oer 491 ferienings út de fiif noardlike provinsjes. De bedragen fariearje fan 636 oant 1834 euro. De tsien bêsten krigen de sjek freedtejûn op it Sponsor Gala yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)