'Rin net de Iselmar op'

17 feb 2012 - 14:34

Minsken dy't it kommende wykein it kruiende iis by Hylpen sjen wolle moatte op de wâl bliuwe en net de mar oprinne. It iis is fierstente ûnbetrouber. Dy warskôging komt fan de gemeente Súdwest Fryslân.

By de seedyk fan Hylpen lizze bulten iis fan goed seis meter heech. Oeral wei komme minsken spesjaal nei it stedsje ta om it iis te besjen. Se krige de pleatslike VVV sels al fragen fan minsken út Tilburch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)