DE wurdt tee-ekspertizesintrum

11 apr 2014 - 16:05

Douwe Egberts op 'e Jouwer wurdt ít ekspertizesintrum foar tee. It bedriuw hevelet de teeproduksje fan Boedapest yn Hongarije oer nei De Jouwer. Dêrnjonken hat de direksje fan Douwe Egberts besletten it kofje -en teefabryk op 'e Jouwer gear te foegjen ta ien bedriuw. It personiel is freedtemiddei troch de direksje ynformearre. Yn totaal sil Douwe Egberts tolve meiwurkers twongen dien jaan. Dat is minder as earder tocht.

Earder waard al bekend dat de produksjeline fan kofje ticht giet omdat der fan 2015 ôf net mear kuolle wurde mei mei Freon. De measte meiwurkers fan dizze ôfdieling kinne no oan de slach op de tee-ôfdieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)