Wrâldtitel foar Alyda Norbruis

11 apr 2014 - 14:14
  • Alyda Norbruis

Paralympysk hurdfytser Alyda Norbruis út Oerterp hat tongersdei op de WK Paracycling yn Meksiko de wrâldtitel wûn op de 500 meter tiidrit. De tiid fan 40,002 sekonden wie boppedat goed foar in wrâldrekôr. Norbruis wie goed twa sekonden rapper as it âlde rekôr fan de Sinese Yin He. De paralympiër pakte twa jier lyn it sulver op de Paralympyske Spelen yn Londen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)