Ferwûnen by ûngelok Parregea

11 apr 2014 - 12:41

By in ûngelok by Parregea binne freedtemoarn trije minsken ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak kamen by de Jouterperwei in auto en in bestelbuske mei elkoar yn botsing. Beide bestjoerders rekken dêrby ferwûne en binne nei it sikehûs brocht.

Ek in passazjier dy't yn de auto siet waard ferwûne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Parregea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)