Aksje tsjin plestik pûden

11 apr 2014 - 12:25

Winkelju moatte der sels foar soargje dat se folle minder plestik pûden mei jouwe oan klanten. Dogge se dat net, dan komt steatssekretaris Mansveld fan Miljeu mei wetjouwing om it tal plestik tassen werom te bringen. De winkels hawwe oant juny de tiid krigen om mei in plan te kommen.

Yn Ljouwert wurdt freed in aksje hâlden om minsken bewust te meitsjen fan de gefolgen fan al dat plestik yn it miljeu. Besikers fan de Ljouwerter freedsmerk krije fan wethâlder Isabelle Diks in jute tas, as se in plestik pûde by har ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)