Famkes Bornego wer op skoalle

De brânwacht en ambulânses binne by de skoalle © Brânwacht De Jouwer
Trije fan de fjouwer famkes fan it Bornego College op De Jouwer dy't tongersdei net goed waarden by in gymles, wienen freed wer op skoalle. Direkteur Dirk Visser hat it earste oere yn de klasse west om te praten oer wat der bard is. Tongersdei rekken fjouwer famkes by it gymmen út de tiid. It fjirde famke lei freedtejûn noch yn it sikehûs, mar neffens Visser giet it ek mei har folle better.
De oarsaak fan it ynsidint is noch altyd net dúdlik.
De brânwacht hat mjittings dien mar dêr is neat útkaam. Mooglik dat de famkes ferkeard wetter dronken ha. Dêrom hat wetterbedriuw Vitens it wetter ûndersocht. Dizze resultaten binne noch net bekend.