Boek oer transportsektor

It giet wer wat better mei de Fryske transportbedriuwen. De echte krisisjierren binne achter de rêch. Dat seit Wilto Eekhof út Ljouwert. Nei in stúdzje fan trije jier presintearret Eekhof freedtemiddei in boek oer de skiednis fan 20 transportbedriuwen yn Fryslân en Grinslân.
Dêryn fertelle ûnder oaren de grûnlizzers fan de firma's Niek Dijkstra fan It Hearrenfean en Tiltrans út Burgum oer it sukses fan har bedriuw. Neffens Eelkhof is dit frij unyk omdat ûndernimmers yn de transportsektor nea gau mei har libbensferhaal nei bûten trede.