Motorrider ferwûne by Warten
By in ûngelok op de Midsbuorren by Warten is tongersdeitejûn in 69-jierrige motorrider slim ferwûne rekke. De man sloech troch noch ûnbekende oarsaak mei de motor oer de kop.
De traumahelikopter waard oproppen en dêrom waard de dyk ôfsletten. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.