'Gjin blanko sjek Icedôme'

Deputearre Hans Konst is net fan doel him del te lizzen by de blanko sjek dy't Icedôme yn Almere neffens him fan de KNSB krigen hat. De KNSB makke tongersdei bekend fertrouwen te hawwen yn de gearwurking mei Icedôme, ek al is de finansiering noch net dúdlik. Beide partijen sille meikoarten in oerienkomst tekenje.
Neffens Konst is dat net te begripen. De kâns dat Icedôme yn 2016 klear wêze sil, wurdt neffens Konst hieltiid lytser en dat wie earder in eask fan it reedridersbûn. Dêrmei soe de KNSB foarbygean oan it belang fan de sporters.