Fraude by ynternetbankiere

Laptop © ANP XTRA
De plysje warskôget wer foar kriminelen dy't minsken oplichte by it ynternetbankieren. Wylst minsken har gegevens oan it ferwurkjen binne, krije se de fraach om nochris opnij yn te loggen of koades of wachtwurden te jaan. En foardat se it witte, binne se ynienen hiel wat jild kwyt.
Dat oerkaam ek Jan Wiebe Tolman fan Drachten, doe't er mei syn finânsjes oan de gong wie. Neffens de plysje komt it de lêste tiid wer geregeld foar dat minsken op dizze wize oplicht wurde, bytiden foar tsientûzenen euro's.
Wouter de Vries fan de plysje warskôget minsken dan ek om fuortendaliks op te hâlden mei it ynternetbankieren as se ek mar wát fertochts sjogge.