Projekt Spaarwater útein set

10 apr 2014 - 17:27
  • In meiwurker fan it wetterskip kontrolearret in feankade

It Waadfûns is tongersdei offisjeel útein set mei it projekt Spaarwater. It projekt moat der foar soargje dat der yn de takomst genoch swiet wetter yn ús provinsje is. It wettersysteem komt hieltyd mear ûnder druk te stean troch droechte en boaiemdelgong. Yn it projekt wurdt gebrûk makke fan technyske tapassings dy't yn de lânbou brûkt wurde om it swiete en it sâlte boaiemwetter te behearen.

De proef wurdt op fjouwer ferskate lokaasjes yn it noarden fan it lân hâlden, ûnder oare yn Hjerbeam. It projekt duorret noch oant en mei 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)