KNSB hat fertrouwen yn Icedôme

KNSB en NOC*NSF hâlde fertrouwen yn de gearwurking mei Icedôme yn Almere, ek al is de finansiering noch net dúdlik. Dat hat reedridersbûn KNSB yn in parseferklearring skreaun. De KNSB seit dat de partijen ynkoarten in oerienkomst tekenje sille. Icedôme Almere soe de kommende wiken in perioade ôfslute fan yntinsyf oerlis mei ferskate partijen oer de eksploitaasje en de finansiering fan it kompleks.
Icedôme waard troch de KNSB en NOC*NSF keazen ta iisstadion mei de topsportstatus, boppe de plannen fan Thialf en it Transportium.
De finansjele ûnderbouwing moast Almere eins al foar 1 april jaan, mar dy datum waard net helle. Direkteur Eelco Derks fan Thialf op It Hearrenfean neamde de fertraging earder dizze wike 'wol in bytsje in genante fertoaning'.