Blog: Marnecollege Boalsert yn aksje foar Jeffrey

10 apr 2014 - 15:48

It Marnecollege yn Boalsert komt yn aksje foar fuotballer Jeffrey en syn team. Tegearre mei syn coach Foppe de Haan wie Jeffrey by de kick-off op it Marnecollege. Sechtich learlingen sille jild ynsammelje foar ûnder oaren nije trainingspakken foar de 22 G-fuotballers fan Heerenveense Boys. Om mei te dwaan oan de Special Olympics Nationale Spelen 2014 binne ek fuotbalshirts nedich mei in rechnûmer. Dy hat it team no net.

Ien fan dy learlingen fan it Marnecollege is Cindy, it suske fan Jeffrey. Mei har klasgenoaten en oare twadde klassers sil sy de kommende wiken allerhande putsjes dwaan om it nedige bedrach op it kleed te krijgen.
Jeffrey waard foar de happening op it Marnecollege troch Foppe de Haan ferrast. Hy wie op dat stuit krekt yn de supermerk opIit Hearrenfean, dêr’t Jeffrey in oantal dagen yn ’e wike wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)