Moardner Murkje krijt 24 jier

10 apr 2014 - 14:23

De 49-jierrige man út De Harkema dy't ferantwurdlik is foar de moard op Murkje de Vries is troch it Hôf yn heger berop ta 24 jier selstraf feroardiele. Dat is likefolle as de straf dy't de rjochtbank earder joech. It heger berop kaam der omdat de advokaat fan de fertochte fûn dat it medisyngebrûk fan de man in belangrike rôl spile hat by syn died. It Hôf gie dêr net yn mei.

De ferdigening hat kassaasje by de Hege Ried tsjin it fonnis ynsteld. De feroardielde sil dan bystien wurde troch advokaat Gerard Spong.

Murkje de Vries waard yn 2008 yn har wenning yn Koatstertille troch de man út De Harkema deasketten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)