Friezen ha soargen oer lânskip

10 apr 2014 - 12:33

In protte Friezen meitsje har soargen oer de feroarings yn it Fryske lânskip. Dat blykt út ûndersyk fan Partoer. Partoer hat dêrfoar in boargerpanel oprjochte mei mear as tûzen dielnimmers. Dy panelleden krigen fragen foarlein oer it Fryske lânskip. Wat opfalt is dat 93 prosint seit dat se de ûntwikkeling fan it Fryske lânskip wichtich fynt.

It falt minsken foaral op dat der mear bedriuweterreinen en wynmolens komme en dat it tal greidefûgels en greiden mei blommen ôfnimt. De oerheid mar ek de boeren wurde dêr op oansjoen.

Trijekwart fan de dielnimmers oan it ûndersyk seit ekstra jild oer te hawwen foar molke dy't op in 'lânskipsfreonlike' wize produsearre is. Mar as de priis mei mear as tsien sint djoerder wurdt, heakket de helte al wer ôf.

Trefwurden: 
partoer lânskip wynmolens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)