Ek Heijmans bout mei oan N381

Boubedriuw Heijmans is troch de provinsje útsocht om it nije stik N381 tusken Fenekoaten en de Drintske grins oan te lizzen. It measte wurk moat by Appelskea ferset wurde. Sa sil der by Appelskea Noard in ûndertrochgong komme en by Appelskea Súd in fiadukt. Ek moatte der twa fytstunnels oanlein wurde.
Earder waard boubedriuw NMO Vervat al keazen foar in oar stik fan de nije N381. Foar it tredde part fan de dyk moat de kar foar in oannimmer noch makke wurde.