Man rydt troch nei ûngelok

10 apr 2014 - 11:19

De plysje hat woansdei in 62-jierrige man út Meeden oanholden neidat er trochriden wie nei in botsing mei in 25-jierrige man út de gemeente Opsterlân. De Opsterlanner moast op de Hereweg yn Meeden remje foar in fersmelling yn de dyk. De 62-jierrige automobilist seach dat te let en botste achterop de auto. Doe't se it skeaformulier ynfolje soenen, besocht de 62-jierrige út te naaien. Dêrby ried er oer in 34-jierrige man út Hoogezand hinne, dy't de auto tsjinhâlde woe.

De man sit op it buro foar fierder ûndersyk en wegere in azemtest te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)