Jonge op midibike oanholden

10 apr 2014 - 10:26
  • Plysje surveillânse

In 16-jierrige jonge út Frjentsjer is woansdeitemiddei oanholden omdat er sûnder rydbewiis op in ûnfersekere lytse krossmotor ried, in saneamde midibike. De jonge soarge mei syn kaprioalen foar in gefaarlike ferkearssituaasje en ried hast in frou oan. Doe't de plysje him seach, naaide de jonge út en besocht him yn de strûkjes te ferskûljen. De jonge is meinaam nei it buro. Syn heit hat de lytse krossmotor ynlevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)